daamdevries.bsky.social
@daamdevries.bsky.social
En dizze flauwekul fan de bank moat ek út wêze. Dûm wurde jo der fan.
December 17, 2025 at 5:55 PM
Man, man, man! Wat in service wer!!!
December 15, 2025 at 3:58 PM
De plakken dêr't se sekuer byhâlde hokker filmkes de jeugd aardich fynt, hokker boadskippen jo dien hawwe en benammen hokker jo dêrom noch dwaan moatte sadat se jo deagoaie kinne mei reklame. De arrogante, ynklauwerige, Westerske dwaas fynt dy plakken och sa wichtich.
December 15, 2025 at 10:35 AM
Nee famylje Vattenfall, hjir wurdt neat aktivearre. Dat garjen foar allerhanne rotsoai dêr't jo hielendal gjin ferlet fan hawwe mar al oantuge om't it dan goedkeaper is, is in kriminele hâlding foar mem ierde oer. Ophâlde mei dy konsumearderkluchten.
December 12, 2025 at 3:11 PM
Ik fertink Mark Rutte der fan dat er dizze twadde tak fan it KNMI oprjochte hat en dêr in baas ynkommen út hellet. Hy sil as NATO-bobo wol te min fertsjinje.
December 12, 2025 at 11:30 AM
Sinteklaas hat de dingen wolris feestliker ynpakt mar ik bin dochs wol bliid dat ik nei 33 jier ris sa'n nij ding krij. It duorre al wat lang want ik hie mids novimber al betelle mar dy âld man ferplichte de lokale leveransier yn de saak te beheljen.
December 9, 2025 at 3:52 PM
Foar al dy minsken dy't miene dat Oekraïners hjir bot mei holpen binne: it is gewoan de safolste donaasje oan Donald Trump, mear net. It is in bespotlike fertoaning.
December 8, 2025 at 12:44 PM
It sil moarn ek yn guon Fryske tsjerken wol wer allegearre gloarje en halleluja wêze. En mar preeje dat God de boppe ús stelden de goede dingen dwaan litte sil. It is ferdomme om beroerd fan te wurden, dy dwazen.
December 6, 2025 at 6:26 PM
Bespotliker, goddeleazer en heidensker wurdt it hoopje ik net mear yn 2025.
December 5, 2025 at 6:53 PM
Der is gjin inkelde wet dêr't yn stiet dat dy 5 partijen it dwaan moatte. En oft de kiezer ien ding dúdlik makke hat dan is it dat er fan de gaos dêr't mokkel Jeuzelgoes fan de VVD de oanjager en ûnderdiel fan wie ôf wol. Lis dat mar ris út oan dat sekreet. As it moat sûnder har.
December 5, 2025 at 2:17 PM
Stikken efter de betelmuorre kin ik net lêze mar it is fansels al langer dúdlik dat de BBB alles wat op demokratsy liket fan kant meitsje wol om sa as heareboeren, reginten en kolonisten fierder te kinnen mei it útrûpeljen en útmelken fan alles en elkenien.
December 3, 2025 at 3:55 PM
Ut it stikje fan CDA/D66. Ik kin net altyd likegoed lêze mar neffens my stiet hjir dat wy fan Europa ien grut ryk sûnder vetorjochten hjir en dêr meitsje. Dat m.o.w. Ursula alles foar it sizzen krijt sûnder hokker tsjinspraak dan ek.
December 2, 2025 at 5:04 PM
Oft de oerheid stikken skriuwt en publisearret en der dan fan út giet dat elkenien in systeem hantearret dat jonger is as fiif jier dan krije jo dit dus. Dêrmei slute jo in aardige kliber folk út. Ek dat is diskriminaasje.
December 2, 2025 at 4:31 PM
Ik sis it noch mar in kear: dat (slim oer)betelle balleboartsjen moat opdoekt wurde. Fuortendaliks.
November 30, 2025 at 7:56 PM
Sa'n kop bylket wakker moai mar it hie gâns better west oft dy bedriuwen in boete krigen hiene fan 163 miljoen euro foar plende kriminele aktiviteiten.
November 28, 2025 at 2:36 PM
Hjoed is it de dei fan de arrogante, ynklauwerige, (meast) blanke, Westerske dwaas. Oft jo 16 siden oan flauwekul yn de kranten dumpe kinne dan is der gjin inkelde reden begrutsjen mei de skriemers te hawwen.
November 28, 2025 at 9:49 AM
Dochs mar wer melding dien al wurd ik aardich wurch fan dy oerheden fan ús.
November 26, 2025 at 4:22 PM
Kinne de oer ús stelden ek oanjaan wêrom't de troch my brûkte en troch it ryk erkende taal net beskikber is? Of is diskriminaasje tsjintwurdich de gewoanste saak fan de wrâld?
November 26, 2025 at 11:47 AM
Och hea! En witte wy al hoe't it fan't jier is mei de kwaliteit fan de oaljekoeken?
November 25, 2025 at 2:59 PM
Wach wêze? Dat kin. Mar gau op les by de grutte jonges dy't de kluphúskes fan it oerbetelle balleboartersfolk sa alderaardichst bommefrij hâlde.
November 24, 2025 at 7:58 PM
En dy 70%, dêr sitte ek de Nederlanners by dy't dat dan mei weromwurkjende krêft yngean litte wolle sadat partijen as BBB en FVD op slach en stuit ferdwine?
November 24, 2025 at 4:43 PM
Doe't heal Marsum (myn bertedoarp) ôfbrutsen waard om de oarlochsboarterij syn gerak te jaan hearde ik jim hielendal nearne oer.
November 24, 2025 at 2:37 PM
It panyk siedzjen yn dit lân ken gjin ein. Us Wajong-jonge kundige tongersdei al oan dat er om in needaggregaat út sil.
November 23, 2025 at 11:40 AM
Hjir stiet dus dat it net sa slim wêze soe as fjoerwurk yn in fak sûnder bern bedarre wie. Der hie fansels stean moatten dat it n.o.f. ien en oar no hast ris tiid wurdt dat jildslinende betelle fuotbal op te doeken en wol fuortendaliks.
November 22, 2025 at 12:12 PM
En hûnderttûzenen deade Russen en Oekraïners binne anneks mei dizze kohannel tusken Poetin en Trump. It is godferdomme by de bisten om't ôf wat dizze beide kristenhûnen út namme fan God útfrette.
November 20, 2025 at 2:43 PM