Onno Falkena
onno-pier.bsky.social
Onno Falkena
@onno-pier.bsky.social
Sjoernalist yn Fryslân, mar ek geregeld om utens. Hat ferlet fan blauwe loft nei it skiere waar fan de lêste tiid.
Oant no ta hawwe mar fiif Europeeske minderheidstalen in film of searje op Netflix krigen. Foaral de Katalanen, Basken en Galisiërs dogge it goed, mar de measte minderheidstalen bestean net op it populêre platfoarm, konkludearret it Memmetaalforum op it Noordelijk Filmfestival NFF.
November 6, 2025 at 10:39 AM
It Frysk Filmfûns dielt út. Op it Noordelijk Filmfestival NFF krije alve projekten jild tasein foar it ûntwikkeljen en meitsjen fan in koarte film, film of dokumintêre yn Fryslân. It fûns wol de produksje fan Fryske films stimulearje.
November 6, 2025 at 10:12 AM
De grutske partijfoarsitter Jan Arendz iepenet de FNP-ferkiezingsjûn op ‘e Jouwer. Arendz ferwachtet dat de kampanje fan no de partij mear stimmen opsmite sil by de riedsferkiezings. Hy is dúdlik oer de ambysje: de FNP wol de grutste partij fan Fryslân wurde.
October 29, 2025 at 7:46 PM
Der is fansels mar ien partij fan de regio’s, seit BBB-kopstik Femke Wiersma op de grutte ferkiezingsjûn fan har partij yn De Pleats yn Burgum. Wiersma rekkenet op in ‘goeie útslach’ nije wike. “It giet mei golfbewegings, mar wy bouwe troch.”
October 23, 2025 at 6:00 PM
De FNP fear hjoed mei kampanjeskûtsje De Brijbek nei Den Haach. In hele reis, dy’t moarns om 04.00 oere yn Warkum begûn. It sintrum fan Den Haach waard tsjin tolven berikt, mar earst moast de mest noch in kear ekstra del fanwege in brêge dy’t net iepen gie.
October 22, 2025 at 12:39 PM
De Fryslannen hawwe in soad mienskiplike útdagings en kinne mear oparbeidzje, seit Eke Folkerts yn har taspraak op it jubileum fan it Friesenkongres yn Jever. Minister Falko Mohrs pleitet foar in posityf, ynklusyf Heimatgefoel. “Gjin minsken útslute, mar meiïnoar de identiteit belibje.”
October 18, 2025 at 10:17 AM
Earlik is earlik: de hûnderdste jierdei fan it Friesenkongres yn Jever lûkt net folle jongeren. Dat komt grif ek troch de foarm; ferskate langere taspraken en - oant no ta - gjin muzyk en ek net folle diskusje oer de takomst. Ek bestjoerlik mist de jongerein.
October 18, 2025 at 9:50 AM
By it alderearste Friesenkongres yn 1925 wie ek Grinslân (Groningen) fertsjintwurdige. Dat soarge wolris foar diskusje, fertelt Thomas Steensen yn syn rede. Mar nei de publikaasje fan it Frysk Manifest yn 1955 wie de leafde oer. De Grinslanners fielden harren bûtensletten en kamen net wer.
October 17, 2025 at 6:02 PM
Yn it slot fan Jever waard hûndert jier lyn foar it earst in Friesenkongres organisearre. Sûnt dy tiid treffen Friezen út Fryslân, Fraschlönj en Friesland inoar geregeld. Jever is de haadstêd fan it lân Fryslân, op de kentekens stiet grutsk ‘FRI’. Foar Fryslân is Ministerin Eke Folkerts der by.
October 17, 2025 at 5:34 PM
By Firda yn Drachten rint no it noardlike keamerledendebat fan VNO/NCW en SNN. Giet no oer de Lelylijn en it grutte ferlet oan minder regels. Neffens de oanwêzige ûndernimmers komme der allinnich mar regels by yn Nederlân. In foarstel: foar eltse nije regel moatte der twa ôfskaft wurde.
October 10, 2025 at 1:41 PM
It wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten kin hjoed - oars as ornaris - net online besjoen wurde. Dêrom mar werris in foto út de gearkomsteseal fan deputearre steaten. It giet ûnder oare oer de bydrage fan de provinsje Fryslân oan Keningsdei 2026 yn Dokkum.
October 7, 2025 at 12:38 PM
Fanwege stoarm Amy sil Rederij Wagenborg fan ‘e middei de lêste fjouwer auto’s fan parkeardek P1 op de Holwerter pier fuortslepe nei in feiliger plak. Der wurdt rekken mei hâlden dat dit leechste parkeardek wolris ûnderstrûpe kin fannacht of moarn.
October 4, 2025 at 11:21 AM
Seis keamerleden dogge mei oan de kommisjegearkomste oer de fearboatkonsessy foar de Fryske Waadeilannen.
Habtamu de Hoop wol dúdlikheid oer de ticketprizen foar jongeren en studinten. Ek pleitet hy foar ‘lief & leedplakken’ foar eilanders dy’t nei it sikehûs wolle.
October 1, 2025 at 8:12 AM
It is hjoed de Europeeske Taledei. Taalplatfoarm EBLT fiert dat hjoed by Firda yn Ljouwert yn it selskip fan praktor meartaligens Lysbeth Jongbloed en in flinke groep MBU-studinten.
September 26, 2025 at 9:11 AM
It foarstel fan VVD en oare partijen om in pear ynstellings te helpen liket noch it measte op persoanlike foarkar, seit Christa Oosterbaan fan de PvdA. Sy fynt dat eltse ynstelling mei in goeie beoardieling stipe fertsjinnet en tsjinnet dêr in moasje foar yn.
September 24, 2025 at 5:37 PM
Plan fan VVD-steatelid Martijn Brands om 2,3 miljoen ekstra yn kultuer te stekken ropt in soad fragen op by partijen dy’t net yn syn kultuerkoälysje sitte. Wêrom de iene ynstelling rêde en de oare net? De PvdA wol de diskusje oant de begrutting yn novimber.
September 24, 2025 at 5:26 PM
In nije karriêre foar D66-lieder Rob Jetten? De listlûker fan de demokraten krûpte fan ‘e moarn foar it earst fan syn libben achter in naaimasine. Hy die dat yn netwurksintrum
De Klomp yn it eardere Cambuurstadion, neffens him in ‘mooie, warme plek, waar mensen elkaar helpen’.
September 22, 2025 at 9:35 AM
De Kiesraad jout de FNP listnûmer 22 foar de Twadde Keamerferkiezings. De partij komt yn 16 fan de 20 kieskringen op it stimbiljet. Yn Amsterdam, Haarlim, Leiden en Rotterdam sammele de partij te min stipeferklearrings.
September 19, 2025 at 3:57 PM
Folle bak én in jonge ynsprekker by de kommisjegearkomste oer kultuersubsydzjes yn it provinsjehûs. It is de best besochte fergadering sûnt it skrassen fan it reinbôgebelied. Flak foar de gearkomste wie der in dûnsjend protest foar de haadyngong.
September 17, 2025 at 5:13 PM
Massale aksje foar jeugdteaterskoalle Meeuw op de stoepe fan it provinsjehûs. Learlingen, âlders en âld-learlingen wolle dat Meeuw bliuwt. It giet om in lang lint fan - foar it grutste part jonge -aksjefierders.
September 17, 2025 at 4:20 PM
Alle politike partijen moatte hjoed harren papieren ynleverje by de Kiesraad. De Frysk Nasjonale partij is ek ûnderweis mei hûnderten stipeferklearrings. De grutte fraach is oft it der genôch binne om yn alle kieskringen op it stimbiljet te kommen.
September 15, 2025 at 10:43 AM
De Ljouwerter ried wrakselt mei it foarstel om 1,8 miljoen út te lûken foar de European Youth Capital. Riedslid Otto van der Galiën seit it sa: “Wij willen niet tegenstemmen, maar kunnen niet voorstemmen.”
September 10, 2025 at 7:13 PM
Nijsgjirrige krantekop op de dei dat yn de Twadde Keamer praat wurdt oer de posysje fan it Papiamentu op skoalle. It giet om in advys fan de Onderwijsraad om ‘thústalen’ mear romte te jaan yn it ǔnderwiis.
September 4, 2025 at 7:20 AM
It FNP-stimburo is los! Stypje de leden it plan fan it haadbestjoer om mei te dwaan oan de keamerferkiezings? Wy sille it hiel gau wite…
August 30, 2025 at 1:27 PM
Der wurdt earst stimd oer moasjes. De earste moasje is it foarstel om it karbrief fan de FNP oan te passen foardat der in beslút nommen wurde kin om oan keamerferkiezings mei te dwaan. It mei dúdlik wêze, de ekstra ledegearkomste rint út.
August 30, 2025 at 12:37 PM